In pylger gyng syn stege wei
ta kleare himel yn.
en op in reade wolken lei
de frede fan ‘e lette dei.
It is al lang ferlyn.
De pylger gyng mei wisse trêd
- drôf song te nacht de wyn -
de wegen nei in ljochte stêd;
de giele moanne mym’re mêd.
It is al lang ferlyn.
In pylger gyng troch ’t dauwich lân
de nije moarntiid yn-
Doe stie er effen yn bestân,
mar naam de stêf wer yn de hân.
It is al lang ferlyn.
In pylger gyng, in pylger stoar.
It is al lang ferlyn.
Wiid iepen gyng de himeldoar
Doe kamen tûzen ingels foar;
dy droegen him der yn.
Gerben Brouwer, Weagen (1934).