De filmfragminten en lûdopnamen dy´t yn ´e ôfdieling Fideo/Audio gearbrocht binne, foarmje in moasyk oan stimmen en bylden fan it Jabikspaad: Pylgers, ûnderweis of nei har weromkommen, kastleins, apartelingen en lju dy’t troch har eigen ûnderfiningen of troch stúdzje saakundigen wurden binne op it mêd fan it Japikspaad; dy allegearre jouwe oan it Jabikspaad in gesicht en in stim. Likefolle yn wat foar taal, oft it no om persoanlik wjerfarren of kollektive ûnderfining giet, de bydragen bringe de wichtichste aspekten fan ´e private en de publike waarnimming fan it Jabikspaad op it aljemint. Mei jouwe se in yndruk fan ´e wide wjerklank dy’t it Jabikspaad yn ´e hjoeddeiske maatskippij hat. De ferslaggen wurde oanfolle troch leginden, smoute ferhalen en sterke stikken, dy’t har op it Japikspaad ôfspile hawwe en dy’t ûnder de pylgers ferteld wurde. Hoe ûngelyk oft de ûnderskate bydragen ek wêze meie (der binne sels fersen en gebedens mank) - hja tsjûgje allegearre fan it ferskaat en de libbenens fan ´e talen, dy’t fan âlds by it Jabikspaad lâns praat binne.
Audio - "Ein friesisches Babylon"
http://www.ndr.de/wellenord/media/friesisch392.html
Audio - "Was ist eigentlich Friesisch?"
http://www.ndr.de/wellenord/media/frasch12.html
Audio - "Auf der Suche nach dem modernen Friesisch"
http://www.ndr.de/wellenord/media/friesisch386.html