Yn ´e ôfdieling teksten binne dokuminten, ferslaggen en oantekens gearbrocht út ´e literatuer of út histoaryske en persoanlike tsjûgenissen. Meiinoar foarmje se de basis fan in kulturele en taalkundige topografy fan ´e Jabikspaden yn Jeropa. It giet om passaazjes dy’t oanwizingen jouwe oer de talen of om parten út histoaryske boarnen of etnografyske stúdzjes, mar de ôfdieling jout ek fragminten út romans, teltsjes, leginden en folksferhalen, boppedat fersen, ferslaggen en deiboeken fan reizgers en fan pylgers. De ôfdieling teksten befettet sa priuwkes fan in Jabikspaadskriuwerij yn alle Jeropeeske talen dy’t by de Jabikspaden lâns praat wurde. Sa’n skriuwerij hat der ieuwenlang west en hjoeddedei wurde der mear teksten produsearre as ea. De kulturele altlas fan it Jabikspaad dy’t op ´e startside te finen is, jout noch mear teksten, oardere neffens de oanbelangjende plakken.