In stille moarn en net it minst bewegen,
En net in stim dy't troch de dize giet;
Allinne dript, út beammen lâns de wegen,
Yn 't giele leaf it treasteleaze liet.
It libben, yn al inger rûnte sletten,
Ebbet en gliidt de rêst yn, deade-stil.
Oft ek it bange bûnzjen fan us herten
Yn 't selde ritme sliepend stjerre sil?
De dize dript - dan, op ‘e stille strjitte,
Knappe kastanjes en de frucht springt bleat.
Mocht sa us siele út lichems hoalling sjitte
En glânzgjend iepenboarste yn 'e dead!
Jelle Brouwer, In string fersen (1934).